Liuwen op transport nei Afrika

01 jul 2014 - 14:50
  • De liuwen gean op transport nei Súd-Afrika
  • De liuwen gean op transport nei Súd-Afrika

Seis liuwen út rôfbiste-opfang Pantera yn Nijeberkeap binne tiisdei op transport gien nei in reservaat yn Súd-Afrika. In transport dêr't de nedige feilichheidsmaatregels oan te pas kamen. De liuwen waarden earst medysk ûndersocht en dêrnei yn de sûs brocht. Pantera is ferline jier oernommen troch de Stichting Viervoeters en dy wol de liuwen werombringe nei harren natoerlike omjouwing.

De liuwen binne nei Schiphol brocht en fleane dêrwei nei Súd-Afrika om útset te wurden yn in natuerreservaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)