Liudgerskoalle Drachten yn finale lanlike technykwedstriid

17 apr 2016 - 21:18

Learlingen fan kristlike skoallemienskip Liudger út Drachten dogge kommende wike mei oan in technykwedstriid yn Eindhoven. Alve skoallen hawwe harren pleatst foar de finale fan de Technasium Top Award 2016 en de Fryske skoalle is dêr ien fan. De learlingen moatte in fernijend en miljeubesparjend ljochtplan bouwe foar in iepenbiere romte. It ljocht moat him oanpasse oan de omjouwing en mei gjin ljochtfersmoarging opsmite. De dielnimmende learlingen sitte yn de twadde klasse.

De wedstriden binne freed en sneon yn it Evoluon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)