Liudgerskoalle Burgum grutter

28 maaie 2009 - 14:29

Yn Burgum begjint freed de útwreiding fan skoallemienkip Liudger. De skoalle is al in skoft te lyts. Der komt 1000 m2 by de skoalle foar nije lokalen, in nije kantine en in iepen learsintrum. It gebou dat der no al stiet wurdt ek ferboud.

It wurk moat ein dit jier klear wêze, sadat de learlingen begjin takom jier les krije kinne yn de nije lokalen. No steane der noch needlokalen om it tekoart oan romte op te fangen. Dy wurde dan fuorthelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)