Liudger yn finale fan ThinkQuest

20 nov 2002 - 00:00

Learlingen fan skoallemienskip Liudger yn Drachten sitte yn de finale fan in ynternetwedstriid. Se hawwe in webside ûntwurpen oer it hindoeïsme. Dêrmei dogge se mei oan ThinkQuest, in wedstriid dy't bedoeld is om it brûken fan ynternet op skoallen te stimulearjen.

Nije wike wurdt bekend wa't de wedstriid wûn hat. De haadpriis is in bedrach fan 10.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)