Liudger is 'leukste' skoalle

18 mrt 2009 - 10:48

It Liudger Lyceum yn Drachten is nominearre foar de 538-skoalpriis. Der binne fiif gadingmakkers. De skoalle hat de nominaasje te tankjen oan de eigen learlingen dy't har skoalle opjaan koene op de webside fan de kommersjele radiostjoerder Radio 538. Op 24 maart komt ien fan de DJ's op skoalle om te sjen oft it echt sa'n 'leuke' skoalle is.

De winner wurdt freed 3 april bekend makke. De priis bestiet út in grut feest mei optredens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)