Littenseradiel tsjin fúzje

10 sep 2014 - 11:14
  • Gemeente Littenseradiel

De gemeente Littenseradiel is tsjin de foarnommen fúzje fan wenningkorporaasjes Elkien en De Wieren op 1 jannewaris. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders sjocht dat wenningboukorporaasjes minder yn doarpen ynvestearje en mear yn stêden. De gemeente is dêrom bang foar de kwaliteit fan it wenningbestân yn de gemeente, hielendal as de wenningboukorporaasje grutter wurdt.

Neffens de gemeente hat Elkien twa jier ferlyn wenningbouprojekten yn Easterlittens, Winsum en Wommels ôfblaasd en soe grut ûnderhâld net útfierd wêze.

De sjenswize fan de gemeente giet nei minister Stef Blok, dy't it úteinlike beslút oer de fúzje nimt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)