Littenseradiel stimt yn mei maksimaal 200 flechtlingen

15 feb 2016 - 22:45
  • De gemeenteried fan Littenseradiel stimt oer komst flechtlingen nei Wommels
  • It eardere wensintrum Resi yn Wommels

In romme mearderheid fan de gemeenteried fan Littenseradiel stimde moandeitejûn yn mei de komst fan flechtlingen nei Wommels, op betingst dat it net mear as twahûndert binne en net langer as twa jier. Allinnich de VVD wie tsjin. Mocht it COA mear minsken hawwe wolle, of foar in langere perioade, dan sil de gemeente dêr net oan meiwurkje.

De gearkomste ferrûn rêstich. Der wiene in santich belangstellenden yn it gemeentehûs. Om de boel yn de stringen te hâlden wiene der ek twa plysjes. Dy hoegden net yn aksje te kommen.

Earder sei boargemaster Liemburg noch dat twahûndert flechtlingen tefolle is foar in doarp as Wommels. De gemeente woe leaver in opfang foar hûndert oant 150 minsken.

De flechtlingen komme yn it gebou fan de eardere meubelwinkel Resi. De eigener hat de leechsteande winkel oanbean oan it COA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)