Littenseradiel set yn op beweging foar âlderen en jongeren

12 jan 2015 - 17:07

Littenseradiel set de kommende jierren ekstra yn op beweging foar âlderen en jongeren. Beide doelgroepen moatte better yn kontakt brocht wurde mei de sportferienings en sportfasiliteiten yn de gemeente. Hjirfoar is in spesjale sportcoach oansteld.

Dizze wike binne de âlderen fan fersoargingshûs Nij Dekema yn Weidum oan bar. Sy krije in wike lang kursussen fan sportferienings út de omjouwing. De gemeente hopet sa dat de bewenners stimuleare wurde om yn beweging te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)