Littenseradiel kin net beslute

02 jul 2007 - 17:43
  • De bestjoerskrisis is folslein: de ried kin net mear fergaderje...

It grutste part fan de riedsleden fan Littenseradiel komt moandei net nei de riedsgearkomste. PvdA en VVD, tegearre goed foar 8 fan de 15 sitten, hawwe it fertrouwen opsein yn boargemaster Liemburg. Dy is wol wer oan it wurk gien en wegeret op te stappen.

Neffens de VVD hawwe de riedsleden der dêrom gjin sin oan om te fergaderjen. Dat hâldt yn dat der gjin besluten nommen wurde kinne en moat der in nije gearkomste útskreaun wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)