Littenseradiel it feilichst

29 maaie 2010 - 08:32

De seis meast feilige gemeenten fan Nederlân binne allegear Fryske gemeenten. Dat docht bliken út de Misdaadmeter fan it Algemeen Dagblad. Dy krante sette de sifers fan alle plysjekorpsen op in rychje.

Littenseradiel is de meast feilige gemeente fan hiel Nederlân, sa docht bliken. Dêrnei folgje Wymbritseradiel, Kollumerlân en Gaasterlân-Sleat. Der binne mar fiif Fryske gemeenten dy't net yn de heechste kategory falle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)