Littenseradiel: Húsfesting statushâlders yn sjalets kin net

20 jan 2016 - 17:47

De húsfesting fan flechtlingen mei in ferbliuwsfergunning yn sjalets yn Littenseradiel is net helber. De gemeente hat nei ûndersyk konkludearre dat der mar ien of twa kavels binne dêr't eventueel sokke sjalets stean kinne. Dat makket dizze wize fan húsfesting net rendabel.

Littenseradiel moat foar 1 july 28 minsken mei in status in hûs oanbiede. Dêrfoar wurdt in berop dien op Elkien om hierhûzen dy't frijkomme oan te bieden oan flechtlingen.

Húsfesting yn grutte én lytse doarpen

Yn earste ynstânsje waard allinnich nei hierhûzen yn de gruttere doarpen sjoen, mar yntusken is dat belied wat oanpast. Ek yn de lytsere doarpen, dêr't minder winkels en skoallen binne, kinne no statushâlders wenje.

Fierder siket de gemeente noch nei leechsteande gebouwen dêr't eventueel flechtlingen wenje kinne. It falt lykwols noch net ta om dy te finen. Bygelyks leechsteande loadsen yn Winsum binne net geskikt. 

Partikuliere inisjativen

By de gemeente binne ek partikuliere inisjativen binnenkaam. Sa is der yn Jorwert bygelyks in plan om flechtlingen ûnderdak te jaan yn it doarpshûs. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)