Littenseradiel hat tekoart

28 apr 2014 - 17:19
  • Gemeente Littenseradiel

De gemeente Littenseradiel moat de kommende jierren besunigje. Takom jier komt de gemeente goed 785 tûzen euro tekoart, oprinnend nei goed 1,1 miljoen yn 2018. De opsjes om jild te besparjen binne minder nije projekten, besunigje op de eigen organisaasje of op rinnende projekten, en jild út de reserves brûke. De gemeenteried praat mids maaie oer de mooglikheden.

Littenseradiel hâldt ein 2018 op te bestean. De gemeente giet op yn Súdwest-Fryslân, Ljouwert en in nije gemeente mei as wurknamme Westergoa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)