Lits-Lauwersrûte hast klear

09 maaie 2006 - 17:49

De fernijde Lits-Lauwersmarrûte is hast klear. De farrûte tusken Drachten en 'e Lauwersmar is foar mear as 10 miljoen euro opknapt. Sa binne de brêgen fernijd en ferhege, binne der oanlisplakken makke en fytspaden oanlein. En dat alles is bard om de wettertoerist nei Noard-East-Fryslân te heljen.

De rûte is ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt. Op 14 juny wurdt de Lits-Lauwersmarrûte offisjeel iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)