Litouwers it lân útset

17 jul 2003 - 00:00

Twa fan de fjouwer manlju út Litouwen dy't ferline wike oanhâlden binne mei falsk jild binne it lân útset. De tredde wurdt dizze wike útset en de fjirde moat hjir in selstraf fan 90 dagen útsitte. Tsjin de manlju wurdt noch wol proses-ferbaal opmakke. Letter wurdt dan harren straf bepaald.

De fjouwer Litouwers besochten ferline wike mei in falsk biljet fan 100 euro te beteljen yn in winkel oan de Tynjedyk yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)