Litouwer oanholden foar oerfal Hoarnstersweach

21 aug 2015 - 14:24

De plysje hat tongersdeitejûn in man út Litouwen oanhâlden foar de oerfal woansdeitejûn op in 56-jierrige frou út Hoarnstersweach. De frou waard yn har hûs oan it Tsjerkepaed oerfallen troch twa manlju. De twadde fertochte is noch op 'e flecht. De plysje kaam syn maat op it spoar neidat in tsjûge him yn in stik greide by Jobbegea sjoen hie, wylst hy op in flierkleed siet mei in part fan de bút om him hinne.

Doe't de plysje kaam wie de man fuort, mar mei help fan oare tsjûgen koe de plysje de Litouwer by De Himrik oanhâlde.

De man sit noch fêst. De twadde fertochte is in man mei koart donker hier en is sa'n 1 meter 65 lang. Hy is tusken de 25 en 40 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)