Literêre Piter Jellespriis bliuwt dit jier yn de kast stean

12 nov 2015 - 16:20

De gemeente Ljouwert rikt dit jier de literêre Piter Jellespriis net út. Neffens de wurdfierder fan de gemeente soe der sprake wêze fan sykte yn de organisaasje. Fierder kommentaar dêroer wurdt wegere.

De priis, besteande út in oarkonde en jildbedrach fan 5000 euro, sil no takom jier útrikt wurde.

De Piter Jellespriis waard yn 1974 yn it libben roppen as in twajierlikse literêre priis foar sawol Frysk- as Nederlânsktalich wurk mei in link mei de Fryske taal en kultuer.

Sûnt 1994 wurdt de priis om de fjouwer jier útrikt. Skriuwster Aggie van der Meer krige yn 2011 as lêste de priis útrikt foar har roman 'De Oerfeart'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)