Literêr festival yn snackbar

20 aug 2014 - 15:06
  • Nij: in literêr festival yn in snackbar

Literatuer yn de snackbar. It klinkt net folslein logysk. Mar, de snackbar oan it Súdfliet yn Ljouwert, is dochs de lokaasje foar in nij festival yn de Fryske haadstêd, it literêr festival. Trije lanlik bekende skriuwers sille yn de snackbar, foarlêze út eigen wurk. It giet om Peter Buwalda, Nico Dijkshoorn en Sylvia Witteman.

It literêr festival is in idee fan de stedskeunstners Daan Levy en Jacco de Boer. Snackbar Het Vliet wurket der graach oan mei.

De Boer en Levy konstatearje dat der de lêste tiid hieltiid mear bibleteken ticht geane. It literêr festival yn de snackbar moat de literatuer wer nei de minsken tabringe, sizze sy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)