Lit'diel brûkt skoaljild goed

29 jan 2010 - 12:02

De measte gemeenten brûke lang net al it jild dat se fan it Ryk krije foar ûnderhâld fan skoallen, mar Littenseradiel is dêr in útsûndering op. Mei de gemeente Werkendam hat Littenseradiel yn 2009 in bedrach oan skoallen bestege dat twa kear sa heech is as de ryksbydrage.

Dat docht bliken út in ûndersyk fan de AOB, de Algemene Onderwijsbond. De measte gemeenten brûke 20 prosint fan de ryksbydrage net, wat lanlik delkomt op sa'n 300 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)