Lit gemeente himpteelt regelje

24 jan 2014 - 16:55
  • Himp

In mearderheid fan de Friezen is foar it regulearjen fan de himpteelt. Seis op de tsien Friezen is foar it plan om gemeenten de tylt en ferkeap fan weed organisearje te litten. Dat docht bliken út in enkête fan EenVandaag.

Goed 60 persint fan de Friezen tinkt dat de kriminaliteit troch regulaasje ôfnimme sil. Der is wol ien betingst: de teelt moat regele wurde troch de gemeenten sels. Ljouwert is foarstanner fan sa'n initsjatyf, mar minister Opstelten fan justysje moat noch grien ljocht jaan. Ek Smellingerlân sjocht wol wat yn it plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)