Listlûkers jouwe gemeente gelyk

08 mrt 2003 - 00:00

De dyk tusken Aldeberkeap en Wolvegea kin in 80-kilometerdyk bliuwe. Dat seinen fjouwer provinsjale listlûkers freed by in debat yn Wolvegea.

Weststellingwerf hat al moannen spul mei de provinsje. Dy wol fan de dyk in autowei fan meitsje. De gemeente is dêr op tsjin. Omwenjenden binne benaud dat de dyk noch unfeiliger wurdt. Neffens de listlûkers kin de provinsje net langer foarbygean oan de winsken fan de befolking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)