Listlûker VVD stapt op

09 mrt 2006 - 12:14

De minne ferkiezingsútslach foar de VVD yn Frjentsjerteradiel is reden foar VVD-listlûker Bart Goeman Borgesius om op te stappen. De VVD krige yn dy gemeente mar ien sit wylst Borgesius op twa rekkene hie. It riedslid is bot teloarsteld dat de VVD troch syn ynset yn de ôfrûne fjouwer jier net mear sitten krigen hat.

Bart Goeman Borgesius wurdt opfolge troch Joke Osinga dy't as twadde op de kieslist stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)