Listlûker PvdA stapt op

16 apr 2006 - 13:29

It nije kolleezje fan B & W yn Menameradiel hat foar reboelje binnen de PvdA soarge. Listlûker Flaman stapt op as riedslid, om't hy him besoademitere fielt no't er gjin wethâlder is. Dy posten geane nei kandidaten fan GrienLinks en de FNP.

Under Flaman is de PvdA de grutste partij wurden. Der wie in groei fan twa nei fjouwer sitten. Neffens foarsitter Douma fan de PvdA wiene de oare twa bettere kandidaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)