Listlûker moat út stimburo

19 mrt 2014 - 13:18
  • Amarins Geveke op it stimburo yn Hoorn

Boargemaster Bats fan Skylge hat woansdeitemoarn besletten dat VVD-listlûker Amarins Geveke har sit yn it stimburo yn Hoorn opjaan moast. Geveke hie op Twitter in stimoprop fan it Ljouwerter VVD Twadde Keamerlid Aukje de Vries retweet. Yn dy tweet waard oproppen om op Geveke te stimmen. It is leden fan in stimburo net tastien om politike uterings te dwaan. Om mooglike diskusjes op it eilân foar te kommen krige Geveke it advys fan Bats om har sit yn it stimburo te ferlitten. Geveke wie har fan gjin kwea bewust, mar hat har ekskús oanbean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)