Listferbining FNP en GBA

31 jan 2006 - 23:44

De FNP yn Achtkarspelen is in listferbining oangien mei de GBA, Gemeentebelangen Achtkarspelen. De twa partijen wolle besykje om tegearre de measte sitten te krijen by de riedsferkiezings fan 7 maart.

De FNP wol yn it kolleezje, dat no foarme wurdt troch CDA, PvdA en Christenunie/SGP. Yn 2002 wûn de FNP de ferkiezings, mar bedarre letter dochs yn de opposysje. De listferbining moat helpe te foarkommen dat dit wer bart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)