List Liet Ynternasjonaal rûn

11 okt 2004 - 15:39

De dielnimmerslist fan songfestival Liet Ynternasjonaal op freed 22 oktober yn Ljouwert is hast rûn. Under de dielnimmers sitte ferskate bands en sjongers dy't yn har eigen regio 'grut' binne. Bretagne wurdt fertsjintwurdige troch de ek yn Fryslân net ûnbekende popband EV. Foar de Sámi komt de súksesfolle sjonger Niko Valkeapää en Galisië stjoert sjongeres Uxía.

It is foar de tredde kear dat it festival yn Ljouwert hâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)