List fan net-PVV-stimmers

22 feb 2011 - 09:41
  • Wout Zijlstra, ien fan de ûndertekeners
  • Anneke Douma sette har namme ek

Under oaren Foppe de Haan, Ron Jans, Piter Wilkens, Anneke Douma en Rense Westra stean op in list fan minsken dy't gjin PVV stimme sille by de kommende ferkiezingen. It giet om in inisjatyf fan muzikant Jankobus Seunnenga fan it eardere duo Pigmeat.

Hy is learaar by in ynternasjonale skeakelklasse en makket him slim soargen oer wat hy neamt it tanimmende populisme en skoffearjen fan groepen minsken. Hy hopet dat syn list soarget dat 2 maart minder minsken PVV stimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)