"Lis .frl fêst"

23 okt 2008 - 11:53
  • CDA-steatelid Rendert Algra

Provinsjale steaten moatte der om tinke dat de ynternetdomyn-ekstinsje .frl feilichsteld wurdt. Dat wol it CDA-steatelid Rendert Algra. Mei sa'n ekstinsje kinne ynternetadressen einigje op .frl, ynstee fan bygelyks .nl.

Yn Vlaanderen binne de tariedings foar de ekstinsje .vla al klear. De provinsje moat der ek mei dwaande, fynt Algra. Oars kin in kommersjeel bedriuw wolris oan de haal gean mei .frl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)