Lippizaners lûke soad publyk

17 aug 2004 - 12:23

De kaartferkeap foar de show fan de ferneamde Lippizaner Rydskoalle by it 125-jierrich jubileum fan it Frysk Hynstestamboek rint as in trein. De Spaanske Rydskoalle út Wenen komt mar ien kear yn de 6, 7 jier nei Nederlân, faak nei Ahoy yn Rotterdam.

It Hynstestamboek hat de Lippizaners no nei Ljouwert helle om it jubileum mei te fieren. De Rydskoalle is ree om te kommen om't de Lippizaners besibbe binne oan Fryske hynders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)