Lippenhuzen krijt keunstgersfjild en nij doarpshûs

23 feb 2016 - 12:19
  • Doarpshûs De Mande fan Lippenhuzen

It haadfuotbalfjild fan Lippenhuzen wurdt in keunstgersfjild. De fuotbalklups Thor Lippenhuzen, Wispolia Terwispel en De Tynje kinne tenei meielkoar gebrûk meitsje fan it fjild. Gefolch fan de oanlis fan it nije fjild is dat it trainingsfjild lytser wurde kin. Gefolch dêrfan is wer dat Lippenhuzen in fjouwerkant doarpshûs krije kin.

Yn eardere plannen wie noch sprake fan in rjochthoekich doarpshûs. In diel fan it nije doarpshûs komt no op it trainingsfjild. Dat is neffens de gemeente Opsterlân in grutte winsk fan it doarp.

In fjouwerkant doarpshûs is neffens de gemeente praktysker en hat mear mooglikheden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)