Lippenhúster aksje tsjin keutels

07 maaie 2004 - 00:00

Pleatslik Belang yn Lippenhuzen jout fergees hûnestront-gripers wei oan ynwenners mei in hûn. Der is yn it doarp in protte oerlêst fan hûnestront op strjitte.

Hûnebesitters moatte de keutels yn de griper meinimme en thús yn it jiskefet dwaan. Der komme kontrôles om te sjen oft hûne-eigners de griper wol goed brûke. Wa't dat net docht rint de kâns om op de foto set te wurden. Dy komt op de webside fan Lippenhúzen te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)