Lintsjesrein kin wol wat minder

13 mrt 2002 - 00:00

Boargemaster Liemburg (Littenseradiel) hat krityk op de lintsjesrein. Riedsleden krije nei 12 jier of langer automatysk in ûnderskieding en dêr set hja har fraachtekens by.

Liemburg sei dat tiisdei by it ôfskie fan njoggen riedsleden. Fiif fan harren krigen in keninklik lintsje. Achttjin Fryske gemeenten nimme dizze wike ôfskie fan 41 riedsleden en wethâlders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)