Lintsjes op jubileum Garyp

23 aug 2014 - 12:07
  • Lintsje

Geert Stelwagen (64) en Auke van der Vliet (71) hawwe freed op de resepsje fan it 150-jierrich bestean fan kristlike basisskoalle De Wrâldpoarte yn Garyp in lintsje krigen. Boargemaster Eric ter Keurs fan Tytsjerksteradiel rikte de keninklike ûnderskiedings út. Stelwagen hat jierrenlang bestjoerslid west by it koar, is helpkoster en wykhear, kollektant foar ferskate goeie doelen en frijwilliger by de Wrâldpoarte.

Syn kollega Van Vliet is sûnt in pear jier bestjoerslid fan de reünykommisje fan de skoalle en lid fan de kommisje Sintrale As.

Hy is boppedat aktyf by ferskate sport- en kultuerferienings. Beide manlju binne beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)