Lintsje wethâlder De Vries

26 jun 2014 - 21:13
  • Lintsje

Wethâlder Jelle de Vries fan Ferwerderadiel is tongersdeitejûn beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Boargemaster Wil van den Berg spjelde him it lintsje op by de riedskommisjegearkomste. De Vries krijt de keninklike ûnderskieding foar syn ynset foar ferskate organisaasjes yn de gemeente.

Sa wie er jeugdâlderling by de protestantske gemeente yn syn wenplak Ferwert, foarsitter fan it PCBO Ferwerderadiel en sette er him yn foar de keatsferiening en de fuotbalklup. Fan 1998 oant 2014 wie De Vries riedslid, foardat er wethâlder waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)