Lintsje op Skier

02 des 2011 - 21:30
  • Fearboat Skiermûntseach

Op Skiermûntseach hat Els Perdok-Van Bon freed in keninklike ûnderskieding krigen. Frou Perdok hat har jierren ynset foar it behâld fan de taal en kultuer op Skier. Sa skreau se tsien jier lyn it Nederlânsk-Skiermûntseager wurdboek. Ek kamen der fan har hân ferhalen en gedichten yn de eilanner taal, en joech se jierrenlang les yn it Skiermûntseachsk. De 86-jierrige Els Perdok waard lid yn de Oarder fan Oranje Nassau.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)