Lintsje op bysûnder plak

05 maaie 2007 - 12:47

Trienke Postma út Jonkerslân is freed keninklik ûnderskieden op in bysûnder plak. Se krige bûten har eigen gemeente, mar wol fan de eigen boargemaster, in lintsje. Postma wie yn it fersetsmuseum yn Ljouwert dêr't se learlingen oan it rûnlieden wie. Dat docht se al jierren.

Wylst Postma mei grutte kloften bern om har hinne yn it museumkafee siet, kaam boargemaster Heldoorn fan Opsterlân mei de heuglike meidieling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)