Lintsje by iepening Olympics

13 jun 2014 - 18:52
  • Lintsje

De iepening fan de Special Olympics wie foar Maria Anna Poiesz út Offenwier wol hiel bysûnder. Sy krige fan loco-boargemaster Durk Stoker in keninklike ûnderskieding. Poiesz waard beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau foar har frijwilligerswurk yn de hendikeptesport. Sa hat frou Poiesz ûnder oare 13 jier bestjoerslid west fan de sportferiening FDS, is se al 11 jier trainster by dizze feriening en is se al seis jier lang foarsitter fan de Stifing Oanpast Silen Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)