Lintsje foar Van Nieuwstraten

13 jan 2007 - 16:50

Peter_van_Nieuwstraten is sneon beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Hy is foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan skoalmienskip Piter_Jelles.

Van Nieuwstraten krige it lintsje benammen fanwege syn ynset foar de scouting yn Nederlân. Hy is op dit stuit foarsitter fan Scouting Nederland, earder wie er foarsitter fan de regio Fryslân. Hy is 54 jier en wennet op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)