Lintsje foar Ultsje Hosper

22 nov 2011 - 17:22

Mei in keninklik lintsje hat Ultsje Hosper nei mear as 30 jier tiisdei ôfskied naam fan it Fryske Gea. Fjirtjin jier sette hy him as direkteur fan de organisaasje yn foar de Fryske natuer. Hosper sjocht posityf werom op syn tiid by it Gea. Yn alle jierren dat er by it Fryske Gea wurke hat er in soad by de ein hân, mar Hosper is it meast grutsk op wat der berikt is by de Alde Feanen.

Hosper bliuwt wol aktyf yn de natuerbeskerming, al is it net by it Gea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)