Lintsje foar tsjerkerintmaster Jan Doevendans út Frjentsjer

06 sep 2015 - 10:49

Tsjerkerintmaster Jan Doevendans út Frjentsjer hat snein in keninklike ûnderskieding krigen. Dat barde yn de earste tsjerketsjinst yn de ferboude Martinitsjerke. Doevendans is foardroegen omdat hy al 21 jier aktyf is foar de protestantske gemeente. De ôfrûne jierren wie hy it oansprekpunt foar de grutte ferbouwing fan de Martinitsjerke.

Dêrneist is hy tsjerkerintmaster yn de gemeente fan Rie-Skingen-Slappeterp-Sweins-Peins-Doanjum. Koartlyn is de tsjerke fan Doanjum opknapt en no binne se dwaande yn Ried, ek dêr is Doevendans nau belutsen.

Doevendans is ek bestjoerslid fan de Stichting Behoud Kerkelijke Gebouwen in Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)