Lintsje foar Tineke Steenmeijer

06 des 2002 - 00:00

Konservator Tineke Steenmeijer fan it FLMD waard freed by har ôfskie beneamd ta Offisier yn 'e oarder fan Oranje Nassau. Steenmeijer krige it lintsje fan boargemaster Margreeth de Boer. De Boer hâldde by dizze gelegenheid in taspraak yn geef en hast aksintleas Frysk en dat waard op priis steld.

Steenmeijer waard fierder tasprutsen troch Hylke Speerstra en Johan Veenstra. Steenmeijer wie 30 jier by it FLMD, dat no opgien is yn Tresoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)