Lintsje foar sportman Zwart

06 mrt 2010 - 16:09

Rein Zwart (73) fan It Hearrenfean hat in lintsje krigen foar syn fertsjinsten yn 'e sport. Boargemaster De Jonge rikte de keninklike ûnderskieding út yn it Thialfstadion op It Hearrenfean.

Zwart is ûnder oare aktyf by hurdfytsferiening Olympia op It Fean. Dêrneist is er al jierrenlang nau belutsen by it reedriden. Sa siet er yn ferskate bestjoeren fan it KNSB en organisearre er alternative Alvestêdetochten yn it bûtenlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)