Lintsje foar skiedend riedslid

26 maaie 2008 - 22:20
  • Lintsje foar Tjeerd Lutgendorff

Tjeerd Lutgendorff is by syn ôfskie as riedslid fan Wûnseradiel keninklik ûnderskieden. Hy waard moandei beneamd ta Lid in de Orde van Oranje-Nassau. Lutgendorff siet yn de rie sûnt 1994. Earst wie dat foar D66, fan 2006 ôf foar Prowûn, in gearwurking fan D66, Grien Links en de SP.

It is gebrûklik dat minsken dy't tolve jier of langer yn de rie sitten ha in keninklike ûnderskieding krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)