Lintsje foar Sippy Tigchelaar

18 aug 2012 - 16:06
  • Sippy
  • Sippy
  • taart mei Sippy

Radioferslachjouster Sippy Tigchelaar is sneon op'e Lemmer keninklik ûnderskieden. Sippy naam sneon nei 35 jier tegearre mei kollega Klaas Jansma ôfskied as skûtsjesylferslachjouwer. Boargemaster Van Klaveren fan Weststellingwerf oerfoel Sippy op it IFKS-wedstrydwetter fan de Lemsterbaai. Mei in plysjeboat waard se fan it wetter helle.

De radioferslachjouster wurdt lid yn de Oarder fan Oranje Nassau fanwege har bydrage oan de kultuersport skûtsjesilen.

Tegearre mei Klaas Jansma foarme Sippy Tigchelaar jierrenlang in unyk presintaasjeduo by it SKS- en IFKS-skûtsjesilen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)