Lintsje foar Reinier Paping

18 jan 2003 - 00:00

Ald-reedrider Reinier Paping is sneontemiddei yn Koudum beneamd ta Lid yn de Orde van Oranje-Nassau. It wie sneon presys 40 jier lyn dat Paping de Alvestêdetocht fan 1963 wûn.

Paping krige it lintsje opspjelde troch boargemaster Meijer fan Swolle. It barde by de reuny fan âld-riders fan de Alvestêdetocht fan 1963 yn De Kuilart yn Koudum. Der wiene goed 100 minsken by oanwêzich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)