Lintsje foar plysjeman Poppema

16 maaie 2014 - 16:40
  • Lintsje

Plysjesjef Auke Poppema hat freed in keninklike ûnderskieding ûntfongen foar syn ynset foar de mienskip op Flylân. Poppema waard troch boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel beneamd ta Lid yn de Orde van Oranje-Nassau. De plysjesjef giet fan 1 juny ôf mei pensjoen, nei't er 41 jier by de plysje wurke hat. Ek op it eilân is Poppema in bekend gesicht.

Sa wie er belutsen by de oprjochting fan de tennisklup en is er op dit stuit foarsitter fan de bridgeklup, de begraffeniskommisje en it Flylanner seemanskoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)