Lintsje foar kabinetssjef

28 maaie 2010 - 17:33

Kabinetssjef Rembrandt Veldhuyzen van Zanten fan de kommissaris fan de keninginne hat by syn ôfskied in lintsje krigen. Hy is beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau.

Veldhuyzen van Santen wurke 22 jier by de provinsje. Yn dy perioade tsjinne er ûnder fjouwer kommissarissen fan de keninginne. Hy hâlde him dwaande mei ûntfangsten fan keninklike besites en ûnder oare ek boargemasterssaken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)