Lintsje foar Haskerhoarnsters

09 maaie 2011 - 14:19
  • In lintsje foar jierrenlange ynset

Willem Toering en syn frou Lamkje Toering-de With fan Haskerhoarne hawwe moandei in keninklike ûnderskieding krigen. It echtpear is beneamd yn de Orde van Oranje-Nassau. Boargemaster Looman fan Skarsterlân rikte de lintsjes út op in bewennersbyienkomst yn wensoarchkompleks Vegelin State op De Jouwer. It echtpear is dêr al jierren aktyf as frijwilliger.

De twa, beide 68 jier, binne fierder belutsen by toanielferiening de Fryske Krite en by Museum Joure.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)