Lintsje foar frou Zuiderveld

14 apr 2012 - 08:30
  • Lintsje

De 80-jierrige Tjitske Zuiderveld-Peenstra út Eastermar is freedtemiddei beneamd ta lid yn de oarder fan Oranje Nassau. Boargemaster Ter Keurs fan Tytsjerksteradiel mocht har it lintsje opspjeldzje.

Frou Zuiderveld krige de ûnderskieding foar har jierrenlange ynset foar it Bûn foar Plattelânsfroulju, dat no Vrouwen van Nu hjit. Dêrneist organisearret se sûnt 1994 de gymnastyk foar de âlderein yn Eastermar en is se oprjochtster fan de Folksdûnsgroep. En ek de koersbalgroep is der kommen op inisjatyf fan frou Zuiderveld.

It lintsje waard útrikt ta gelegenheid fan har beneaming as earefoarsitter fan it Aldereinbarren fan Eastermar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)