Lintsje foar frou Frieswyk

29 nov 2003 - 00:00

Geeske Frieswyk fan Mildaam hat sneon in keninklike ûnderskieding opspjelde krigen troch boargemaster De Jonge fan Hearrenfean. Dat barde by de fiering fan it 50-jierrich bestean fan de stichting It Frysk Amateur Toaniel.

Frou Frieswyk is sûnt 1984 bestjoerslid fan dy stichting dy't besiket mear Frysktalige toanielstikken op de planken te krijen. Fierder wie frou Frieswyk hast 20 jier bestjoerslid by it Bûn fan Fryske Toanielferienings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)