Lintsje foar frijwillige brânwachtman Skiermûntseach

04 mrt 2015 - 19:07

Edwin Schut fan Skiermûntseach hat woansdeitemiddei in lintsje krigen. Schut is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Hy krige dizze keninklike ûnderskieding, om't er tweintich jier lang lid west hat fan de frijwillige brânwacht.

Op 1 maart is er dêr mei ophâlden. Schut krige it lintsje opspjelde troch boargemaster Sjon Stellinga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)